De deadline foar it yntsjinjen fan jo foarstel foar MozFest 2023 is no ferrûn.
Wy wurdearje elkenien dy’t in foarstel yntsjinne hat foar MozFest 2023! Fan 13 jannewaris ôf nimme wy kontakt op mei minsken om harren de status fan harren foarstel witte te litten – dus hâld jo Postfek YN de gaten! Yn febrewaris biede wy Facilitators fan wa’t de sesjes akseptearre binne, de mooglikheid om trainingen foar útmuntsjende sesjes en platfoarms te folgjen, om derfoar te soargjen dat elke Facilitator oer de helpmiddelen foar sukses beskikt.
Undertusken hawwe wy mear ynformaasje beskikber yn ús Gids foar Facilitators, ynklusyf oansteande mylpeallen, festivalynformaasje en platfoarmynformaasje.
Ferjit net om jo MozFest-kaarten no te bemachtigjen!
Tink oan Romten (Spaces) op MozFest as mini-festivals. Binnen elke Romte kinne dielnimmers alles fine wat se nedich binne: ynteraktive, troch de mienskip liede sesjes, ynspirearjende petearen, keunstynstallaasjes, in soad kofje, en mienskiplikheid. Klik op ien fan ûndersteande titels om jo foarstel yn dy romte te starten.
MozFest 2023-romten
Wy roppe beliedsmakkers, techgiganten, AI-ûndersikers, gegevenssjoernalisten en ûnderfertsjintwurdige groepen op om kollektyf dizze held op te bouwen mei as doel passende regeljouwing te formulearjen: fan it sammeljen fan gegevens oant it tapassen fan AI-modellen yn de wiere wrâld.
Wy binne op syk nei partisipearjende, tagonklike en ynklusive sesjes dy’t ark en produkten, casestudies en ûndersyk markearje dy’t de ûnderfining fan minsken ferbreedzje om te learen, mei te dwaan en bewustwêzen te ferheegjen oer gegevensgeletterdheid, gelikense tagong en tagonklikens fan ûnderwiis.
Wy sykje foarstellen dy’t perspektiven en artistike refleksjes befoarderje fan hoe’t it is om efter de masine of ûnder it algoritme te libjen of te wurkjen. Wy ferwolkomje dyjinge dy’t ûnder it algoritme wurkje en dyjinge dy’t mei harren studearje en gearwurkje.
Wy binne op syk nei artysten, muzikanten en ynhâldmakkers út ûnderfertsjintwurdige mienskippen (ynklusyf minsken mei beheiningen en neurodiverske mienskippen) dy’t gearwurkje wolle om meisleepjende, ynklusive en tagonklike audiofisuele ûnderfiningen te bouwen dy’t jo ekspertize fergrutsje en jo ûnderfiningen klam jaan yn it digitale domein. (Dit is in ûnderfining dy’t gjin foarstellen akseptearret.)
Oprop oan alle aktivisten, ûndersikers, akademisy, keunstners, hackers en tech-ûntwikkelers! Wy binne op syk nei sesjes op it snijflak fan digitale technology en ûnderwerpen dy’t ferbân hâlde mei, mar net beheind binne ta: it miljeu, ynheemske folken, lânferdigeners, duorsumheid en foedselsoevereiniteit. Jo sesjes wurde de scenes foar MozFest’s 2060 Sci-Fi Telenovela-ynspirearre Romte.
Wy binne op syk nei sesjes dy’t ûndersyk, auditkaders, keunst en mear bringe om grutte fragen te beäntwurdzjen oer wat transparânsje betsjut foar sawol yndividuën as mienskippen, en ek as ferhalen oer it ûnderfinen fan freugde of ûntefredenheid oer AI-systemen. Ferbyn de triedden fan ús wrâldwide en lokale ynspanningen, en hef wurk op dat de macht en kennis werom nei de minsken ferskoot.
Elkenien is útnûge om mei te farren op S.S. MozFest as wy farre op de see dy’t wy it ynternet neame. De fraach is … wêr moat jo reis begjinne? Wy binne op syk nei aardige, ynklusive, boeiende sesjes om needsaaklike digitale feardigens te learen en te learen op in manier dy’t alle leeftiden begripe kinne.
De MoZone-romte bringt minsken en projekten tegearre dy’t ferbûn binne mei de brede konstellaasje fan Mozilla’s wurk, mei in fokus op betroubere AI. (Sesjefoarstellen wurde allinnich op útnûging akseptearre foar dizze Romte.)
AI Cosmologies nûget út ta bydragen fan tinkers, ûndersikers, technologen, filosofen, kreativelingen en spirituelen. Foaral fan dyjinge wêrfan de wrâldbylden en wiisheden histoarysk ôfwêzich, ûnderdrukt of oars wat minder benut binne yn it neitinken en ynfielen oer ferskate mooglike relaasjes mei technology.
Op MozFest 2023 wurdt de râne de kearn. Dizze romte herberget betûfte kammeraten yn de ynternetsûnensbeweging om tegearre te wurkjen, te bouwen, te berikken en te ûnderfreegjen. We bouwe ek oan nije alliânsjes mei organisaasjes, koälysjes, bouwers, keunstners, aktivisten, sjoernalisten en sosjale bewegingen dy’t harren ynsette om de takomst fan ús digitale wrâld opnij foarm te jaan. (Sesjefoarstellen wurde foar dizze romte allinnich op útnûging akseptearre.)
Partisipatyf
Partisipative sesjes belûke en aktivearje dielnimmers fan it begjin ôf en soargje derfoar dat se meitsjen gean en dwaan.
Ynklusyf
Ynklusive sesjes hjitte dielnimmers fan ferskate leeftiden, ûnderfiningen en dissiplinen wolkom.
Tagonklik
Tagonklike sesjes meitsje it mooglik foar de measte minsken mei ferskate behoeften om mei te dwaan.
Is dit jo earste kear dat jo in foarstel yntsjinje by MozFest? Lês mear yn ús MozFest 101
Diskusje
Syngroane livesesjes jouwe romte foar it opbouwen fan dield begryp, it fergelykjen fan ferskate ûnderfiningen en útienrinnende perspektiven, it dielen fan kennis of it nei boppe heljen fan kollektive fyzje. Diskusjes sille hâlden wurde op Zoom en jo sille jo eigen platfoarm foar notysjes meinimme. Tiidlimyt: 60 min.
Workshop
Syngroane livesesjes wêrmei de groep mooglik oan in projekt gearwurkje kin, tegearre in nije feardigens leare kin of tegearre ideeën ûntwikkelje kin en mei inoar problemen oplosse kin. Workshops sille hâlden wurde op Zoom en jo kinne jo eigen platfoarm meibringe foar gearwurkjen of tegearre bouwe. Tiidlimyt: 60 of 90 min.
Sosjale mominten
Sesjes rjochte op it byinoar bringen fan de MozFest-mienskip yn in sosjaal foarm. Dit kin in fitness- of yogasesje, baklessen of in spyljûn omfetsje. Wy sille tagong jaan ta meisleepjende platfoarmen, of Mozilla Hubs of Spatial Chat foar Social Moments, of jo binne wolkom om jo eigen platfoarm te brûken. Gjin tiidlimyt.
Bliksempetearen
Learsesjes en it dielen fan feardigens dy’t dielnimmers ûnderfine kinne neffens harren eigen skema, wêrby de Facilitator wylst in bepaalde perioade tagonklik is foar iepen sprekoeren of fragen, krekt as offline dokumintaasje. Bliksempetearen moatte yntsjinne wurde as in fideokeppeling, op in hostingsite, lykas YouTube of Vimeo, of as in keppeling nei in MP4-download, dy’t dernei host wurdt op Mozilla’s Vimeo. Tiidlimyt: 7 min.
Keunst en media
Omfettet keunstútstalling, ynteraktyf en meisleeepjende media, film en fideo, AR/VR-ûnderfiningen, spultsjes of podcasts. Beskikber foar asynchrone selsnavigearjende ûnderfiningen. Dielnimmers kinne dizze op elk momint ferkenne. Gjin tiidlimyt.