Oer MozFest

Mozilla Festival is wêr’t keunst, technology en sosjale ynfloed kombinearre wurdt, en makket in wrâldwide gearkomste oars as alle oare.



Us folgjende evenemint

in groep minsken dy’t op gers stie te springen en te jubeljen mei de hierren yn de loft
20-21 novimber 2024 | Lusaka, Zambia

Doch mei ús by MozFest House Zambia

MozFest House is in platfoarm om de krêft fan solidariteit te demonstrearjen en de ûnbeheinde mooglikheden dy’t wy berikke kinne yn ienheid mei de wrâld om ús hinne. Tegearre kinne wy weromhelje de krêft fan AI & technology foar it kollektive wolwêzen fan minsken & planeet.

15 jier Mozilla Festival, en wy binne noch mar krekt begûn.

Mozilla Festival is wêr't hertstochtlike yndividuën harren ferienigje om in better ynternet te bouwen.

Oft jo no keunst meitsje, koade skriuwe, programmearje, of scrôlje mei soarch oer de digitale takomst – jo binne op it goede plak. Us misje is om it ynternet in better, feiliger en earliker plak te meitsjen foar elkenien en no mear as ea is jo stim krúsjaal.

It weromheljen fan it ynternet begjint by ús, en by Mozilla Festiva hawwe jo ideeën de krêft om echte ynfloed te meitsjen. Doch mei oan de beweging om de takomst fan it ynternet foar it goede te foarmjen.

60K+

wrâldwide dielnimmers

2500+

mienskipsesjes

3000+

mienskipsfrijwilligers

600+

organisaasjes

15 jier

fan MozFest

2000+

Discord-leden

145+

lannen

100K+

kopkes kofje

Untdek 15 jier MozFest

Fyftjin jier lyn begûn MozFest as in basisevenemint en is sûnt dy tiid útgroeid ta in wrâldwide beweging foar in sûner ynternet. Dizze mylpealen markearje de evolúsje en ynfloed fan in festival wijd oan it meitsjen fan in mear ynklusive digitale wrâld.

Tiidline

Untwurpen as iepen

It ferhaal fan it Mozilla Festival begûn yn Barselona, Spanje, op in gearkomste dy’t doe it Drumbeat Festival neamd waard. It wie in gearkomste dy’t radikale fersteuringen makke yn learen en webtechnology troch de naden fan tradisjonele metoaden út te rizen om prosessen, projekten en platfoarms te iepenjen foar mear transparânsje en gearwurking.

Troch fêst te hâlden oan dizze woartels, is de manier wêrop wy it festival hjoed planne en produsearje, rjochte op it garandearjen fan de platfoarms, skema, en dêr’t wy gearkomme sa iepen en tagonklik mooglik is.

Wylst ús mienskip tegearre it festival mei-kreëarret, fersterkje de iepen platfoarms dy’t wy kieze ús as in beweging nei in sterkere, ferienige takomst yn de digitale wrâld.

Troch de mienskip foar de mienskip

Wylst Mozilla in basisstruktuer, boarnen en stipe leveret, wurdt it festival primêr ûntwurpen en produsearre troch frijwilligers – teams fan oplieders, aktivisten, yngenieurs, artysten en ûndersikers dy’t soargje foar it iepen web en in sûn ynternet.

Elkenien dy't belutsen is by de MozFest-mienskip, ûnderfynt wat bjusterbaarliks en yndrukwekkends: nije gearwurkingen en ideeën foar ymplemintaasje yn harren deistige wurk en freonen foar it libben.

Wranglers

Dizze persoanen sykje nije en spannende rjochtingen foar it festival en wa sil de romten en ûnderfiningen fan it festival liede.

Mear ynfo oer Wrangling

Facilitators

De hosts fan de hûnderten yndividuele sesjes, ûnderfiningen en ynteraksjes wêrmei’t oanwêzigen har dwaande hâlde wylst it festival.

Mear ynfo oer it fasilitearjen fan in sesje op MozFest

Frijwilligers

It etos fan frijwilligerswurk leit yn de kearn fan it Mozilla Festival. It giet net allinnich om sjen te litten en ûnderfining op te dwaan om yn in cv te setten. It giet oer freonskippen, it hiele jier troch ferbinen, en gearwurkje as ien Mozilla-mienskip.

Wurd frijwilliger by MozFest

Dielnimmers

Yn it hert fan MozFest binne de dielnimmers, fan it ferskinen yn sesjes oant it ferdwalen yn in petear yn de gong, it binne de minsken dy’t jo moetsje by MozFest dy’'t de ûnderfining wurklik spesjaal meitsje.

Keapje jo ticket

Keapje jo MozFest House Zambia-tickets

Fergees

Mienskipstickets

Doch mei oan MozFest House Zambia mei fergeze tagong ta it oanbod fan sesjes, workshops en ynteraktive ûnderfiningen dy’t oer de twa dagen beskikber binne. Jo sille meidwaan oan betsjuttingsfolle petearen, gearwurkje mei oaren, en kreativiteit oanstekke as wy gearwurkje om Trustworthy AI yn Afrika te berikken.

Keapje jo ticket